Pompstasjon A7 bliuwt fan Shell

10 sep 2003 - 00:00

It benzinestasjon oan de A7 by Boalsert bliuwt yn hannen fan Shell. De oaljemaatskippij hat woansdeitemoarn 1 miljoen euro foar it stasjon betelle. Shell bliuwt de kommende 15 jier eigner fan it stasjon. Nei dy tiid wurdt it opnij feild.

It stasjon by Boalsert waard ferkocht by de twadde feiling fan benzinestasjons yn Nederlân. Mei inoar gongen tsien stasjons yn de ferkeap.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)