Pompgebou Flylân wurdt nei jierren fan leechstân tsiisbunker

28 jul 2015 - 23:13

Nei jierren fan leechstân kriget it âlde pompgebou yn de dunen fan Flylân lang om let wer in nije bestimming. Tsiismakkerij De Vlielander Zelfkazer sil it gebou brûke om de tsizen rypje te litten. It gebou, en de bunker derûnder, hawwe it ideale klimaat foar dizze nije ynfolling.

It pompgebou en de bunker hawwe rom fjouwer jier leech stien. Vitens krige yn 2011 in nij pompgebou en hat it gebou doe oerdroegen oan Steatsboskbehear. Dy krige it net foar elkoar om der in nije bestimming foar te finen.

De tsiisbunker sil yn 2016 yn gebrûk naam wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)