Pompen Van Heck nei Servië

02 sep 2014 - 19:22
  • Van Heck
  • Van Heck

Pompbedriuw Van Heck út Noardwâlde hat op 'e nij in grutte ynternasjonale opdracht binnenhelle. It bedriuw wurdt ynhierd om in grutte myn yn Servië leech te pompen. De myn, mei in opperflakte fan hast seis kear de Snitsermar, stiet sûnt maaie ûnder wetter en is tige wichtich foar de elektrisiteitsfoarsjenning fan it lân. Mei de koalen út dizze myn wurdt de elektrisiteitssintrale stookt dy't trije kwart fan Servië betsjinnet.

Yn totaal giet Van Heck mei 100 frachtweinen nei Servië. De ferwachting is dat it wurk dêr minimaal 14 wike duorret.

Earder dit jier hie Van Heck in grutte opdracht by de grutte oerstreamingen by it Ingelske Bridgewater yn Somerset. Troch dat sukses hat it Fryske bedriuw him no ynternasjonaal op de kaart set.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)