Pompeblêden yn Deensk team

26 maaie 2009 - 09:28

SC Hearrenfeanspiler Kristian Bak Nielsen is foar it earst sûnt twa jier wer opnaam yn de seleksje fan Denemarken. De ferdigener joech yn de Deenske parse in pear wiken lyn krityk op bûnscoach Morten Olsen. Dochs is er no wer opnommen.

Ek de âld Hearrenfeanspilers Hjalte Bo Nørregaard en Jakob Poulsen binne opnaam yn de seleksje. Denemarken spilet 6 juny it WK-kwalifikaasjeduel tsjin Sweden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)