Pompeblêden op Gay Parade

02 aug 2008 - 17:43

De Rienk Ulbesz, it Ljouwerter Skûtsje, wie sneon ien fan de grutte blikfangers yn de grachten fan Amsterdam. It skûtsje fear mei in delegaasje fan de gemeente Ljouwert mei yn de Gay Pride. Goed 400.000 taskôgers seagen it skûtsje mei syn yn Fryske jurken en kilts stutsen gasten foarby farren. Reden foar it meidwaan foar de gemeente wie om út te dragen dat Ljouwert en Fryslân tolerant binne foar homoseksuelen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)