Pompeblêdebêd boppe stadion

02 sep 2009 - 11:08
  • It boadskip fan de supporters is dúdlik: wekker wurde!
  • Jan de Jonge en Gert Heerkes (foto: Martin de Jong)

Supporters fan SC Hearrenfean hawwe in ludike aksje útfierd om de klup. Se ha in pompeblêdebêd ophongen oan in grutte kraan by it Abe Lenstrastadion mei de tekst "Hearrenfean wake up". Ferline wike is it bêd stellen út in hotel yn Makkum. Supporters fine dat de klup wekker wurde moat en dat de prestaasjes better wurde moatte.

De spilers trainden yn alle rêst op it sportpark. Oanfierder Breuer fertelde dat de spilers net heard binne oer it fertrek fan Sollied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)