Pommeranten op hurdsyldei

25 jul 2006 - 17:32

Steatssektaris Ross-Van Dorp fan sportsaken sil meidwaan oan de hurdsyldei fan de Snitswike. De steatssektaris sil mei boargemaster Brok en wethâlder Metz fan Snits mei in yngling meisile.

Ross-Van Dorp hat krekt as wethâlder Metz ûnderfining mei de sylsport mar boargemaster Brok hielendal net. Hy krijt syllessen om op 9 augustus meidwaan te kinnen oan de wedstriid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)