Pommeranten lêze foar

14 maaie 2003 - 00:00

Pommeranten hienen it woansdei mar drok. Op tal fan plakken moasten se foarlêze op de nasjonale foarlêsdei. Op mear as 1400 Fryske basisskoallen, bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken wie der omtinken foar.

Boargemaster Heldoorn lies foar út de avontueren fan Tomke. Ek akteur Rense Westra en fuotbaltrener Foppe de Haan liezen foar. De foarlêsdei waard foar de tsiende kear organisearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)