Polyklinyk foar probleembern

03 mrt 2010 - 12:40

Fryslân moat in polyklinyk foar bern mei gedrachsproblemen krije. Sa kinne bern dy't ûnder Jeugdzorg falle better holpen wurde. Dy bern ha faak ferskate problemen en moatte dêrfoar nei ferskillende ynstellingen. Direkteur Sprokkereef fan Jeugdzorg tinkt dat sa'n polyklinyk helpe kin om't alle dissiplines ûnder ien dak sitte.

In kwart fan de bern by Jeugdzorg wurdt thús mishannele. Der komme hieltyd mear bern by dy't psychysk mishannele wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)