Polityk tsjin besuniging Opus3

15 des 2009 - 21:24
  • Muzykles soe folle djoerder wurde yn Dongeradiel

De fraksjes fan CDA en FNP yn de gemeenteried fan Dongeradiel wolle dat der de helte minder besunige wurdt op de muzykskoalle Opus3. Beide partijen hawwe in alternatyf plan makke, wêryn't ek besunigingen op de biblioteek, de stipe foar minima en it maatskiplik wurk weromdraaid wurde.

Opus3 moat âlden folle mear jild freegje foar muzykles as in tredde fan de subsydzje ynlevere wurde moat. Dongeradiel moat alle jierren 800.000 euro besunigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)