'Polityk te folle op ôfstân'

14 nov 2013 - 12:18

De ôfstân tusken de polityk en de boargers moat lytser wurde, oars sille de opkomstsifers by ferkiezings allinnich noch mar leger wurde. Dat seit bestjoerskundige Rieks Osinga. De ferkiezings foar de weryndielingsgemeenten soargen woansdei benammen yn Ljouwert foar dramatysk lege opkomstsifers. Noch gjin 40% fan de stimmers kaam opdaagjen.

Politisy kinne polityk tichter by de minsken bringe troch bygelyks tiid en middels beskikber te stellen oan mienskippen om de eigen omjouwing opnij yn te rjochtsjen, seit Osinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)