Polityk stint oer KH 2018

16 nov 2011 - 23:48

De gemeenteried fan Ljouwert en provinsjale steaten steane noch lang net as ien man achter de plannen om fan Ljouwert yn 2018 de kulturele haadstêd fan Europa te meitsjen.

Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert en deputearre steaten fan de provinsje wolle dat wol besykje. De provinsje stekt der earst 1,2 miljoen euro yn, de gemeente Ljouwert noch neat. Dy beflappe de al rinnende aktiviteiten no ûnder de titel Kulturele Haadstêd. Mar de steaten en de gemeenteried moatte úteinlik beslute en dy binne noch net oertsjûge fan nut en needsaak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)