Polityk posityf oer plan Warten

07 jun 2006 - 13:23

De riedskommisje fan Boarnsterhim hat tiisdei de lokaasje besjoen by Warten dêr't in nij rekreaasjepark komme moat. De famylje Wartena wol op eigen grûn tweintich fakânsjehúskes, in camping en in jachthaven foar in lytse 100 boaten oanlizze. Dat moat oan de súdkant fan it doarp.

De kommisjeleden fine it in goed plan en binne ree om de bestimming op it stik lân oan de Rogsleat te feroarjen. Dat hat op no in greidebestimming

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)