Polityk Hearrenfean strjitte op om besunigings grien

27 aug 2015 - 14:37

Wethâlder Hans Broekhuizen en in pear riedsleden fan Hearrenfean sille nije wike mei eigen eagen sjen wat de gefolgen binne fan de besunigings op de strjitten en de plantsoenen. De gemeente hat it finansjeel dreech en kin minder jild útjaan oan ûnderhâld as eins nedich is.

Dat mei neffens de gemeente der net ta liede dat gebouwen, strjitten of plantsoenen hielendal fertutearzje. Dan kostet it noch mear om alles letter wer op te knappen. De saneamde 'skousesjes' binne in ferfolch op earder ûndersyk.

De útkomsten wurde letter mei de gemeenteried bepraat. Dy kin dan eventueel bepale dat der mear jild útjûn wurde moat oan ûnderhâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)