Polityk ferjit de jongerein by ferkiezings

16 mrt 2015 - 22:07
  • It provinsjehûs yn Ljouwert

De Fryske polityk liket de jongerein te ferjitten. Dat konkludearret it Jongerenpanel Duurzaamheid Fryslân. It panel hat alle politike programma's bestudearre en dêrfan in rapport makke. Sa is der sjoen nei ûnder oare taalgebrûk en duorsumens. Fjouwer partijen springe der neffens it panel út: It CDA, D66, de FNP en de PvdA. Op alle ûndersochte punten skoare dy it bêst. Leech skoare Friese Koers en de Libertarische Partij.

Alle rapporten fan it jongerenpanel stiene op Twitter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)