Polityk: EU-jild foar superbus

17 maaie 2009 - 10:45

De ChristenUnie en de SGP wolle EU-jild foar de bou fan de superbus op it trajekt fan Lelystêd nei It Hearrenfean. De bus is in plan fan âld-astronaut Wubbo Ockels en universiteiten. De bus rydt op elektrisiteit en moat mei 250 kilometer yn 'e oere oer in frije busbaan. De kosten wurde rûsd op 1 miljard euro. Der binne ûnder oare 17 nije brêgen en fiadukten nedich foar de superbus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)