Polityk Dongeradiel bot skrokken

11 nov 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Dongeradiel is bot skrokken fan 'e nije oanhâldings yn de saak fan 'e reboelje om it Dokkumer azc hinne. Moandei waarden fiif jongeren oppakt, omdat se fan doel wêze soene om it asylsikerssintrum mei molotovcocktails yn 'e brân te stekken.

De ried fan Dongeradiel naam moandei mei miene stimmen in moasje oan, wêryn't de ried ôfkart wat der bard is en opropt ta in ferdraachsume maatskippij yn Noardeast-Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)