Polityk bliid mei ûndersyk

09 maaie 2013 - 12:48
  • Gemeentehûs Smellingerlân

De SP, Grien Links en D66 yn de ried fan Smellingerlân hawwe betrouwen yn it ûndersyk dat boargemaster Van Bekkum dwaan lit nei de wurksfear op it gemeentehûs. Van Bekkum is de iennige opdrachtjouwer fan it ûndersyk. Earder wie der noch sprake fan dat boargemaster én wethâlders dat mei-inoar dwaan soene. De opposysjepartijen wiene benaud dat it ûndersyk dêrtroch net ûnôfhinklik genôch wêze soe, omdat de bestjoerders miskien ek wol ûnderdiel fan it probleem binne.

De opposysjepartijen fine it in goede saak dat Van Bekkum no allinne de ferantwurdlikens nimt, omdat hy noch mar koart boargemaster is. Bureau Berenschot sil ûndersykje oft yndie sprake is fan in eangstkultuer op it gemeentehûs yn Drachten, sa't in grutte groep amtners en âld-amtners seit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)