Politisy yn Baas Boppe Baas

05 apr 2004 - 00:00

Meie fraksjefoarsitters meidwaan oan de Fryske soap Baas Boppe Baas? Mei dy fraach hawwe in tal steateleden har de lêste dagen dwaande holden. Yn de Steaten sitte tsien partijen.

Doel is dat 4 fraksjefoarsitters in rol krije yn de nij te meitsjen seary fan Baas Boppe Baas. Uteinlik hoegde net lotte te wurden om't mar 4 fan de 10 har beskikber stelden: Ad vd Ham (CDA), Bert Versteeg (PvdA), Johannes Kramer (FNP) en Theo vd Bles (GrienLinks).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)