Politike stipe foar Hearrenfean

04 jul 2000 - 12:53

De spilers fan fuotbalkub Hearrenfean meie fan de VVD-keamerfraksje it kommende seizoen nachts fan Eelde ôf fleane. De klub wol mei útwedstriden fan it Drintse fleanfjild reizgje om't se yn de Champions League spylje.

De minister ferbea in nachtlâning op Eelde twa jier lyn nei in wedstriid yn Poalen. VVD-er Hofstra wol dat foarkomme en makket him sterk foar de klub.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)