Politike partijen Ljouwert wolle ekstra opfang flechtlingen

04 sep 2015 - 13:48
  • Flechtlingen dy't yn Nederlân oankomme sille in wolkomstpakketsje krije

De gemeente Ljouwert moat sa gau as mooglik mei ekstra wenromte komme foar de opfang fan flechtlingen. Dat sizze Hein de Haan fan de PvdA en Gerben Hoogterp fan PAL/GrienLinks út namme fan sân politike partijen út de Ljouwerter gemeenteried. Boppedat moat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders sa gau as mooglik dúdlikhyd jaan oer in nij asylsikerssintrum yn ‘e stêd.

De gemeente is yn petear mei it COA oer de komst fan in asylssikerssintrum, mar de sân politike partijen wolle dat der binnen in moanne dúdlikheid komt. De partijen sille it kolleezje fan B&W moandei freegje om sa gau as mooglik útslútsel te jaan.

Dat der gau aksje komme moat om flechtlingen út Syrië te helpen, sizze ek David Kools en Finnie de Jong fan Ljouwert. Sy binne krekt werom fan fakânsje op Lesbos. Dêr ha se mei eigen eagen sjoen hoe't de flechtlingen oankamen.
Kools en De Jong hawwe flechtlingen holpen om fan de boatsjes ôf te kommen en en ek troch se mei famylje belje te litten. Ek soargen se foar wetter en fruit. It stel út Ljouwert is bot oandien troch wat se sjoen ha op Lesbos. Se hoopje dat de bylden dy't se makke ha minsken oansette om wat te dwaan. Lesbos wie freed noch it toaniel fan fjochterij tusken flechtlingen en de plysje. De flechtlingen woene op de fearboat dy't nei it Grykse fêstelân gie. De boargemaster fan Lesbos wol de needtastân ôfkundigje, omdat it eilân de stream flechtlingen net mear oan kin

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)