Politike fragen oer bussen

04 apr 2007 - 22:12

Yn Provinsjale_Steaten is ûnrêst ûntstien oer it berjocht dat de nije lytse bussen fan Connexxion net op tiid klear binne. Woansdei waard bekend dat de remmen fan de 113 nije bussen net goed binne.

GrienLinks hat al skriftlike fragen steld oer de buskes. De partij freget him ôf oft de nije tsjinstregeling no wol echt op 15 april yngean kin. Deputearre Baas fynt de fragen 'spikers op leech wetter sykjen'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)