Poliklinyk fia kompjûter

17 sep 2007 - 10:37

Op it Amelân wurdt in proef dien mei in firtuele poliklinyk. Mei dy proef wurdt it mooglik dat minsken op it eilân bliuwe kinne as se trochferwiisd wurde nei in spesjalist yn it sikehûs. Fia in kompjûterferbining kin de spesjalist de pasjint ûndersykje.

Allinne minsken dy't trochferwiisd wurde nei in ynternist komme yn oanmerking. De proef duorret in jier en as er slagget, krije de oare eilannen mooglik ek in firtuele poly.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)