Polhuis út direksje Wetterskip

11 jul 2006 - 17:39

Sikretaris-direkteur Peter Polhuis fan it Wetterskip Fryslân ferdwynt by de organisaasje. Dat hat te krijen mei de reorganisaasje en besunigings by it wetterskip. Polhuis soe net de bêste man wêze om dy reorganisaasje fierder út te fieren. Hy siet al in skoft siik thús.

It wetterskip hat dit jier meardere finansjele tebeksetters hân. It ferkeard belesting freegjen fan bedriuwen koste seis miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)