Polem mei dochs heech bouwe

26 okt 2004 - 11:41

Silobouwer Polem mei dochs in 30 meter hege produksjehal bouwe op 'e Lemmer. De gemeenteried gie dêr moandei mei 8 stimmen foar en 7 tsjin mei akkoart. It plan foar in grutte produksjehal wie yn striid mei it bestimmingsplan.

De polityk wie ferdield. De hege loads soe it oansjen fan De Lemmer oantaaste, mar oan de oare kant drige Polem De Lemmer te ferlitten as de hal der net kaam. Behâld fan wurkgelegenheid joech úteinlik foar de measten de trochslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)