Polderman stiet achter Doekle

12 des 2007 - 11:05

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel fynt ek dat der in tsjinlûd komme moat tsjin de útlittingen fan Geert Wilders. Polderman stelt him dêrmei op achter Doekle Terpstra dy't oardel wike lyn yn Trouw sei dat der stelling naam wurde moat tsjin Wilders syn ideeën.

Polderman skriuwt op syn weblog dat er gewoanwei weromhâldend is yn lanlike diskusjes oer soksoarte ûnderwerpen. Mar no wol er iepenlik stellingnimme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)