Polderman los yn Smellingerlân

07 des 2011 - 07:17

Gerrit Jan Polderman is tiisdeitejûn ynstallearre as waarnimmend boargemaster fan Smellingerlân. Polderman gie ferline jier mei pensjoen, syn lêste gemeente wie Tytsjerksteradiel. Oant takom jier simmer sil hy as boargemaster yn Smellingerlân wurkje. Salang duorret de proseduere om in opfolger foar Bert Middel te finen, dy't in nije funksje by in wetterskip yn Grinslân oannommen hat.

Polderman is beslist net fan doel om allinnich mar op de winkel te passen, hy sil aktyf meiwurkje dat alle wurk yn it gemeentehûs trochgean kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)