Polderman lilk op buorlju

06 jan 2010 - 22:22
  • Boargemaster neamt syn buorgemeenten koartsichtich

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel hellet flink út nei syn buorgemeenten dy't út Omrin stapt binne, of dat fan doel binne te dwaan. It opsizzen fan de kontrakten neamt Polderman 'kortzichtig'. Hy fynt it teloarstellend dat de gemeenten kieze foar lege tariven en net foar solidariteit.

Dêrneist rôp er syn gemeenteried op om in fersyk fan provinsjale steaten om de bou fan ôffaloven yn Harns opnij te besjen, neist har del te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)