Polderhoofdkanaal op tiid klear

29 sep 2014 - 22:50
  • Flagge út foar beslút oer Polderhoofdkanaal

Alle brêgen en slûzen yn it nije Polderhoofdkanaal binne foar 31 desimber dit jier klear. Dat is de eindatum foar guon subsydzjes dy't oanfrege binne foar it werstel fan it kanaal. Dat seit wethâlder Rob Jonkman fan de gemeente Opsterlân.

De ôfrûne tiid is hurd wurke om alle fertragings yn te rinnen. Troch tal fan prosedueres tsjin de weriepening fan it kanaal hat it wurk swiere fertraging oprûn. Wurdt de datum fan 31 desimber net helle, dan moatte guon subsydzjes werombetelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)