'Polderhoofdkanaal moat wer iepen'

08 jan 2013 - 13:52
  • Polderhoofdkanaal op it stik dêr't it net dimpt is
  • Anke Postma (Nij Beets) en Marjan Jacobi (De Feanhoop)

De pleatslik belangen fan Nij Beets en De Feanhoop komme yn aksje foar it dochs weriepenjen fan it Polderhoofdkanaal foar de wettersport. De rjochter hat koartlyn in wichtige natoerûntheffing foar de twadde kear ferneatige. It algemien belang fan de weriepening is net oantoand. It is no benammen oan de gemeente Opsterlân om te besluten oft it noch doel hat de plannen troch te setten.

De partijen hawwe in brief oan de oerheden stjoerd. Dêr stean 30 bedriuwen en persoanen yn dy't oanjouwe wat konkreet harren plannen binne mei it kanaal.

Dêrmei moat de polityk oerhelle wurde om yn heger berop te gean tsjin it beslút fan de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)