Polderhoofdkanaal giet troch

14 jun 2011 - 14:41
  • It Polderhoofdkanaal by Nij Beets

B. en w. fan Opsterlân sette de plannen mei it Polderhoofdkanaal troch. Dat hawwe se tiisdei bekend makke op in parsekonferinsje. Dêr waard it foarstel taljochte dêr't de ried begjin july oer beslute moat.

Neffens Opsterlân is der oerienstimming mei Smellingerlân oer de ferdieling fan de kosten. Foar Opsterlân giet it om in bedrach fan 3 miljoen euro, foar Smellingerlân om 2,3 miljoen. De twa gemeenten hawwe al langer it plan om it kanaal te iepenjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)