Poldergemalen tiisdei stilset

30 jan 2012 - 14:37
  • Haadkantoar Wetterskip Fryslân yn Ljouwert

Wetterskip Fryslân set de poldergemalen tiisdei stil. De gemalen pompe no noch troch om it wetter yn de polders ôf te fieren. Dat is nedich om't de grûn troch de froast fan ôfrûne nacht noch net hurd genôch is, wêrtroch't der noch grûnwetter nei boppen komt.

Troch dat wetter no fuort te meallen wol it wetterskip foarkomme dat de gemalen letter yn de froastperioade noch wer oan moatte, wêrtroch't de iisflier skansearre rekket. It iisdraaiboek fan it wetterskip is snein begûn.

De gemalen en sluzen dy't it wetter Fryslân útpompe binne snein stilset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)