Polder by Ychten wurdt oanpakt

24 jun 2009 - 16:59

De boeren yn de Ychtener Feanpolder yn Lemsterlân binne meikoarten fan de problemen troch wetteroerlêst ôf. It Wetterskip sil in wichtige wetterloop oanpasse. De feart is op dat plak no noch te krap. Dêrtroch rint 310 hektare lân ûnder wetter as it reint.

De boeren yn de polder hawwe dêrom al jierren te krijen mei min te bewurkjen grûn en fersûpte gewaaksen. Der sil noch dit jier wat oan dien wurde, sa hat wetterskip Fryslân oankundige.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)