Polder De Potten by Snits diels ûnder wetter set

11 maaie 2015 - 12:48

In part fan de Potten by Snits is moandeitemoarn ûnder wetter set. Dat waard dien troch twa dûkers iepen te setten. Troch it gebiet ûnder wetter te setten komt der mear romte foar de natuer en de rekreaasje, sa is it idee. Bysûnder ûnderdiel fan it plan is dat der njonken inoar in sweltsjewand en in flearmûsbunker komme.

Neist natuer moat de nije ynrjochting ek mear minsken lûke. Der is ûnder oare in útkykpost ynrjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)