Polder Burstum ek ûnderstrûpt

06 jan 2012 - 10:31

De Burstumerpolder tusken Grou en Akkrum stiet foar in part ûnder wetter. It wetter yn de Sylroede dêr stiet sa heech dat it wetter oer de polderdyk komt. In kraan hat dêr tongersdeitejûn oan it wurk west om de dyk op te heegjen. Der is ek in pomp pleatst om wetter fuort te meallen.

By deiljocht freedtemoarn liket dat fertuten dien te hawwen, mar troch de minne steat fan de polderdyk bliuwe der soargen by bewenners fan de polder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)