Polaris te wetter yn Strobos

19 nov 2011 - 14:38

Skipswerf Barkmeijer yn Strobos hat noch oant 2014 wurk troch in mega-oarder fan 80 miljoen euro. Freedtemiddei waard de Polaris te wetter litten, de earste yn in searje fan trije loadsboaten.

Opdrachtjouwer is it Nederlandse Loodswezen dat it skipfeartferkear yn de Noordseehavens regelet. Sy ferwachtsje dat de tagonklikens fan bygelyks Rotterdam bot ferbetteret. De loadsboaten ferfange de tritich jier âlde foargongers de kommende jierren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)