Polare: útstel fan betelling

07 feb 2014 - 16:48
  • Polare hat te krijen mei in legere omset

Der driget in fallisemint foar boekeketen Polare. It bedriuw mei in grutte boekhannel yn it sintrum fan Ljouwert ferwachtet nije wike útstel fan betelling oan te freegjen. De boekwinkels fan Polare bliuwe yn alle gefallen noch oant tiisdei ticht.

Dat makke de direksje freedtemiddei bekend op in parsekonferinsje yn Bussum. Neffens presidint-kommissaris Carel Bikkers fan Polare wegerje it Centraal Boekhuis en trije grutte útjouwers mei te wurkjen oan in trochstart fan it bedriuw.

It bedriuw Polare ûntstie ferline jier as fúzje fan De Slegte en boekeketen Selexyz, dat op dat stuit finansjele swierrichheden hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)