Polare skrast 75 banen

28 nov 2013 - 16:53
  • Polare hat te krijen mei in legere omset

Boekhannel Polare skrast lanlik 75 arbeidsplakken. De organisaasje moat nei eigen sizzen ynkrimpe om't de omset bot omleech gien is. De reorganisaasje is al goedkard troch de ûndernimmingsried. Ek yn 2012 wie der al in reorganisaasje. Polare is in nij bedriuw, dat ûntstien is troch de fúzje fan Selexyz en De Slegte.

De boekhannel hat in festiging yn de Ljouwerter binnenstêd. It is net dúdlik wat de reorganisaasje foar de Fryske meiwurkers fan Polare betsjutte sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)