Polare fallyt, winkels iepen

24 feb 2014 - 16:50
  • Polare hat te krijen mei in legere omset

Boekwinkelketen Polare is fallyt ferklearre, mar de tweintich winkels - dus ek dy yn Ljouwert - bliuwe foarearst iepen. Polare frege earder al útstel fan betelling oan. Dat is no omset yn in fallisemint.

Neffens de kurator giet it benammen om in technysk-juridysk ferhaal, omdat in fallisemint it makliker makket om de winkels te ferkeapjen. Ferline wike waard al bekend dat de winkels apart of yn in groepke ferkocht wurde sille.

It fallisemint betsjut ek dat it lean fan de fjouwerhûndert wurknimmers trochbetelle wurdt, omdat it UWV pas útbetellet as in fallisemint útsprutsen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)