Poiesz yn Snits super duorsum

10 feb 2012 - 17:56

Supermerkketen Poiesz hat har âldste filiaal yn Snits ferhuze nei it nije winkelsintrum oan it Boschplein. Dit filiaal is tagelyk de meast duorsume winkel fan Poiesz. De winkel hat nammentlik in hiele enerzjysunige kuolynstallaasje. It systeem brûkt miljeufreonlik CO2-gas en de restwaarmte wurdt brûkt foar de flierferwaarming fan de winkel.

De ferljochting is ek allegear sunich en miljeufreonlik. Mei al dizze maatregels is de winkel ien fan de enerzjy-sunichste winkels fan Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)