Poiesz set bus yn foar klanten

23 maaie 2007 - 12:46

Klanten fan de Poiesz yn Appelskea kinne woansdei mei in pendelbus nei de winkel yn Easterwâlde. It winkelkonsern set útein mei in pendeltsjinst om dupearre klanten te helpen om dochs de deistige boadskippen te dwaan.

Sa gau as mooglik iepenet Poiesz in nije winkel. Foar heal juny stie as in gelok by in ûngelok de ferhuzing fan de supermerk pland. Sa gau as mooglik wurdt dy nije festiging no iepene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)