Poiesz rikt sponsorjild út

13 apr 2007 - 16:07

Supermerkketen Poiesz út Snits hat freed in sponsorbedrach fan mear as 330.000 euro útrikt oan sa'n 300 ferienings yn it Noarden. By oankeap fan ferskate produkten krigen klanten fan Poiesz munten. Dêrmei koe stipe jûn wurde oan in feriening nei keuze. Wat mear munten wat heger it sponsorbedrach.

It measte jild waard binnenhelle troch Special_Sports_Fryslân mei in bedrach fan mear as 2000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)