Poiesz: pinne is klanteservice

30 des 2013 - 15:44
  • Pinautomaat

It Poiesz konsern is net fan plan om de jildautomaten by de eigen filialen fuort te heljen fanwege plofkreakgefaar. Dat seit Piet Smit, direkteur fan de Fryske supermerkgroep yn reaksje op de plofkreak by de Jumbo sneintemoarn yn Wolvegea. Poiesz wol de service foar de klanten oerein hâlde, seit Smit. De bêste oplossing tsjin dit soarte fan gewelddiedige dieverij is neffens Smit dat klanten massaal pinne yn de winkels. Mar dat is op dit stuit noch in utopy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)