Poiesz kin fierder yn Stiens

10 des 2008 - 10:36

De bou fan de Poiesz-supermerk yn Stiens kin wer fierder. De bou wie yn july stillein, neidat oare supermerken yn Stiens beswier makke hiene by de bestjoersrjochter. Dy beswieren giene oer de proseduere fan de boufergunning, de gemeente hie dêr flaters yn makke.

De gemeente hat de proseduere oerdien en no binne der gjin beswieren mear tsjin de bou. De ferwachting is dat de nije supermerk yn it earste fearnsjier fan 2009 iepene wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)