Poiesz: gjin lisbatterij-aaien

25 apr 2003 - 00:00

Supermerkketen Poiesz fan Snits hellet de lisbatterij-aaien noch foar de ein fan dit jier út de skappen. Yn neifolging fan de Aldi ferline wike en de Lidl, tongersdei, hat no ek Poiesz besletten dat it tiid wurdt de bistûnfreonlike aaien út de winkels te heljen.

In soad oare winkelketens, lykas C1000 en Albert Heijn, stapten al earder folslein oer op de ferkeap fan skarrelaaien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)