Poging ta ynbraak yn Snits

05 nov 2006 - 15:36

Twa manlju binne sneontenacht oanhâlden troch de plysje op fertinking fan (poging ta) wenningynbraken. Tsjûgen seagen dat de manlju by meardere wenningen oan de Master Keulenstrjitte besochten garaazjedoarren en autoportieren iepen te meitsjen.

De plysje koe de manlju op de Vliestroom oanhâlde. It gong om twa Snitsers (26 en 34). Se hiene ek noch in stellen fyts en harddrugs by har.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)