Poging ta deaslach yn Snits

05 jul 2011 - 10:55
  • Foto fan de fertochte op www.dadergezocht.nl

De plysje yn Snits siket tsjûgen fan in poging ta deaslach op in man (41) út Eindhoven. Sneontemoarn waard de man yn de Wijde Noorderhorne slein mei in bile. De manlju hiene nachts spul mei elkoar krigen. It slachtoffer rekke ferwûne oan de earm. De plysje wol graach yn kontakt komme mei minsken dy't it trelit sjoen ha.

Ien tsjûge hat mei syn mobyltsje opnamen makke fan de twa manlju, mar op de bylden is net folle te sjen. De fertochte ried yn in donkere Opel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)