Poging ta deaslach yn Boalsert

15 jul 2011 - 12:23

It jonkje (3) út Boalsert, dat fan 'e wike swier mishannele waard, leit noch hieltyd op de intensive care-ôfdieling yn Grins. Syn tastân is stabyl.

De twa fertochten, de mem (23) en har freon (22), wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dy moat bepale oft it foararrest mei 14 dagen ferlingd wurdt. De twa wurde fertocht fan poging ta deaslach en swiere mishanneling. It jonkje stiet ûnder tafersjoch fan de Kinderbescherming. Der wurdt in fâd foar him socht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)