Poëzytegel foar begraafplak

29 sep 2011 - 18:39
  • It opknapte Noorderbegraafplak (foto's: Onno Falkena)

Wethâlder Diks fan Ljouwert hat tongersdei in poëzytegel ûntbleate op it Noarderbegraafplak yn Ljouwert. By de yngong fan it begraafplak leit no in tegel mei in fers fan Vasalis. It is de 39ste tegel fan de poëzyrûte troch de stêd.

It Noarderbegraafplak en ek it begraafplak fan Huzum binne de ôfrûne jierren renovearre en wer hielendal by de tiid brocht. It Noarderbegraafplak krige ûnder oare in opfallende nije aula en in nij tagongsstek, in kreaasje fan keunstner Gerrit Terpstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)