Poëzijstien yn Wâldsein

05 mrt 2007 - 12:41

Wâldsein hat in nije kultuerele attraksje. Op de hoeke fan de Eewâl is sneon in stien mei in gedicht fan Maria de Groot ûntbleate. De skriuwster, teologe en dichteres wennet al hast 30 jier yn Wâldsein.

Yn it wurkplak fan frou De Groot komme geregeld froulju om te praten oer teologyske saken. Dy froulju ha it inisjatyf naam foar de poëzijstien. De stien is betelle troch de gemeente, de sakeklub en doarpsbelang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)